Ferkiezings: Smellingerlân

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne dizze wike op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Smellingerlân sille wy it ha oer de ferhâlding tusken stêd en plattelân.
Der is allinnich mar oandacht foar de stêd of de grutte doarpen en dêr hawwe de lytse doarpen faaks ûnder te lijen. Dat lûd is in protte te hearren yn gemeenten dêr't ien grut plak is en in ferskaat oan lytse doarpen. Mar is dit ek sa? En hoe spylje de politike partijen yn Smellingerlân hjir op yn?