Aksje foar behâld skoalle

14 mrt 2014 - 06:11
  • Trijetalige basisskoalle Marsum De Pôlle

Doarpsbelang Marsum is drok dwaande mei in grutskalige aksje om mear bern nei de de trijetalige basisskoalle De Pôlle te krijen. Lykas oare lytse basisskoallen hat De Pôlle te krijen mei in weromrinnend tal learlingen.

Doarpsbelang besiket foar te kommen dat de skoalle yn it doarp ticht moat en giet dêrom yn omlizzende doarpen as Ingelum en Ritsumasyl op kampanje mei posters en flyers. Hjiryn stiet benammen it oanbod fan de trijetaligens fan De Pôlle sintraal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)