Wüst giet foar titel op 1500 m

Ireen Wüst yn Sotsji © ANP
Ireen Wüst sil freed by de wrâldbekerfinale yn Thialf besykje de 1500 meter op har namme te skriuwen. Wüst giet oan de lieding yn it klassemint mei 380 punten. De Amerikaanse Brittany Bowe folget op plak twa mei 314 punten. Lotte van Beek stiet tredde mei 310 punten.
Wüst stiet yn de lêste rit oan de start en nimt it yn in ûnderling duel op tsjin Bowe. Ek Marrit Leenstra fan Wikel komt yn aksje op de 1500 meter. Sy komt yn rit seis yn aksje tsjin de Noarse Ida Njåtun. De 1500 meter begjint om 16.15 oere.
By de manlju stiet de 1000 meter op it programma. Dêr is fan spanning al gjin sprake mear, om't de Amerikaan Shani Davis de titel al binnen hat.