Ferkiezings: Menameradiel

13 mrt 2014 - 18:08

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne dizze wike op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Yn de gemeente Menameradiel prate wy oer de leefberens yn de doarpen.

De krimp op it plattelân is noch hieltyd oan de oarder. Hoe spilet de gemeente Menameradiel dêrop yn en wat ha de politike partijen dêroer te fertellen? Rint it plattelân aanst hielendal leech of komme der krekt wer nije ympulsen om de doarpen leefber te hâlden?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)