Friezen meast wis fan stim

Fan alle bewenners yn Nederlân binne de Friezen der it meast oer út op hokker partij se stimme sille by de gemeenteriedsferkiezings op 19 maart. Dat is de útkomst fan it Een Vandaag opinypanel. Mar leafst 84 prosint fan de Friezen dy't stimme sil, is der hast of al hielendal wis fan op hokker partij dat wêze sil.
Fierder kaam út it ûndersyk nei foaren dat in soad minsken har soargen meitsje oer de ekstra taken dy't de gemeente fan Den Haach oernimme moatte.