Ferkiezings: Skylge

13 mrt 2014 - 17:18

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne dizze wike op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Watfoar politike kwestjes spylje dêr? Op Skylge giet it faak oer romtlike oardering. It grutste part fan it eilân is natoer, en foar it lytse stikje grûn dat oerbliuwt binne faak folle mear plannen as romte.

Kin der wol of net in nij hotel komme op Dellewal? En hoe passe je de kampus fan de Seefeartskoalle yn de natuerlike omjouwing?

De alve riedsleden fan it eilân moatte besykje om dit yn goeie banen te lieden. Onno Falkena praat mei trije eilanner listlûkers: Amarins Geveke fan de VVD, Guus Schweigmann fan Plaatselijk Belang Terschelling en Teun de Jong - ek wol bekend as 'Teun van Joost' fan de PvdA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)