Slachterij ferliest rjochtsaak

13 mrt 2014 - 17:07
  • Slachthûs

De eardere grutte slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert hat in rjochtsaak tsjin konsuminteprogramma TROS Radar ferlern. De slachterij hie de saak al yn 2008 oanspand, om't sy fûnen dat in útstjoering fan Radar ûnrjochtmjittich wie. Se easken mear as 4 miljoen euro skeafergoeding.

Yn de útstjoering liet Radar sjen dat der fan alles mis wie mei de wize hoe't Friesland Vlees wurke. Sa soe de kontrôle yn it slachthûs net goed wêze. Dêrtroch't koe de folkssûnens mooglik yn gefaar komme.

Yn 2009 joech de rjochter yn Amsterdam Radar gelyk. No hat yn heger berop it gerjochtshôf it tillevyzjeprogramma ek gelyk jûn. Neffens it hôf hat Radar Friesland Vlees genôch kâns jûn om te reagearjen op de beskuldigings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)