Racende motorrider trappearre
De plysje hat woansdeitemiddei yn Kollumerpomp it rydbewiis ynnaam fan in 27-jierrige motorrider út Smilde. De man ried mei 137 kilometer yn 'e oere oer de Kwelderwei yn Kollumerpomp, dêr't net hurder riden wurde mei as 80 kilometer yn 'e oere. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.