Earste ljipaai Dongeradiel
It earste ljipaai fan de gemeente Dongeradiel is woansdei oan de ein fan de middei fûn troch André van der Wal en syn soan Jitse út Mitselwier. It ljipaai is fûn by Eanjum oan de Bartenswei. It aai wurdt tongersdeitemiddei oanbean oan boargemaster Waanders. Van der Wal kriget in oarkonde en 20 euro foar de fynst.