Nije sponsor ploech Jillert

13 mrt 2014 - 14:29
  • Jillert Anema yn Sotsji

Yngenieursburo Clafis op It Hearrenfean begjint mei in nije reedrydploech mei Jillert Anema as coach. Eigener Bert Jonker fan Clafis wol de nije ploech freed presintearje. Nei alle gedachten makket Olympysk kampioen Jorrit Bergsma op de 10 kilometer ek diel út fan de nije ploech.

Clafis hâldt nei seis jier op mei de sponsoring fan de Speed Skating Academy yn Inzell. Jonker seit dat de oprjochting fan in nije ploech net betsjut dat it bedriuw gjin oandacht mear hat foar it ynternasjonaler meitsjen fan de reedrydsport.

Clafis sil de plannen mei it nije team freedtemoarn fan alve oant tolve oere bekend meitsje yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)