Soarch op Flylân no by Palet

13 mrt 2014 - 13:58
  • Aldere

De soarch op Flylân komt yn hannen fan Palet. De soarch-organisaasje en de gemeente sille ûndersykje hoe dat it bêste regele wurde kin, want Palet moat dan ek soarchynstelling De Uiterton oernimme. It tehûs is net mear by de tiid. Der wurdt tocht oan nijbou.

Palet hat de meiwurkers fan Het Friese Land op it eilân al oernaam. Neffens de gemeente is it eilân te lyts foar meardere soarchoanbieders. Doel fan de aksje is om âlderein en minsken dy't help nedich hawwe, langer op it eilân hâlde te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)