Moderne strjitlampe by Marrum

13 mrt 2014 - 13:22
  • Strjitlampe by Marrum op wyn- en sinne-enerzjy
  • ludike start lantearnepeal Marrum

De nije testlantearnepeal dy't tongersdei by Marrum yn bedriuw gean soe, liet it by de ludike start ôfwitte. De saneamde Touché Hybride krijt syn enerzjy fan wyn en sinne en is geskikt foar ôfgelegen diken, om't der gjin stroom nei ta hoecht.

De gemeente Ferwerderadiel wol de strjitlampe in jier op proef hawwe en as it goed foldocht, mear pleatse. Wethâlder Haije Talsma hie him foar de gelegenheid ferklaaid as midsieuske lampoanstekker. Mar de lantearne die neat foardat in technikus fan de leveransier de peal letter op de dei resetten hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)