Brân yn jiskewein

13 mrt 2014 - 12:55

Yn Ljouwert is tongesdeitemoarn de lading fan in jiskewein fan Omrin yn 'e brân flein. Dat barde yn wyk Blitsaerd. Yn it húshâldlik ôffal siet nei alle gedachten in spuitbus dy't by it fermeallen yn 'e brân flein wie. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De wein fan Omrin hat fierder gjin skea oprûn. Neffens in wurdfierder komme sokke brantsjes komselden foar.

Trefwurden: 
brân Omrin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)