Earste ljipaai Ljouwerteradiel

13 mrt 2014 - 09:47

De 32-jierrige Johannes Rijpma fan Ryptsjerk hat woansdei it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwerteradiel fûn. It aaike lei yn in stik lân oan de Skrédyk yn Koarnjum.

Rijpma hat it woansdeitemiddei oanbean oan boargemaster Boertjens. Nei it lotterjen krige er in oarkonde en it finerslean. It wie foar Rijpma de earste kear dat er it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwerteradiel fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)