Jild foar wenjen boppe winkels

Wenningboukorporaasje Accolade is bliid mei de tasizzing fan minister Stef Blok dat se in koarting krije kinne op de BTW en de ferhierdersheffing, as se romten boppe winkels ferbouwe ta apparteminten. Blok beseach woansdei in projekt yn Snits, dêr wurde romten boppe in winkel oan it Grootzand ferboud ta sân apparteminten.
Sa'n projekt soe neffens Accolade no noait mear kinne, omdat der miljoenen betelle wurde moatte oan de ferhierdersheffing. Neffens Blok is wenjen yn de binnenstêd goed foar de leefberens fan de stêd.
Winkeleigeners binne net sa tasjitlik, sy hawwe leaver net dat de hierders troch de winkel moatte om yn har hûs te kommen. It is faak lestich om de tagong op in oare wize te regeljen.