Earste ljipaai Littenseradiel

12 mrt 2014 - 17:04

It earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel is woansdeitemiddei om ûngefear healwei fjouweren fûn yn it lân oan de Suderdyk tusken Greate Wierrum en Boazum. De finers binne de 29-jierrige Wiebe Anton Palstra en de 48-jierrige Jan Hilarius Kroese fan Boalsert. Der lei ien aaike yn it nêst. It ljipaai wurdt tongersdeitemiddei op it gemeentehûs oanbean oan loko-boargemaster Douwe Willemsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)