Boekewikegedichten yn trein

Ien fan de berneboeken dit jier © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Treinreizgers tusken Grins en Harns kinne tongersdeitemoarn genietsje fan poëzij fan dichter Joost Oomen. Hy stapt tsjin achten yn Grins yn de trein nei Ljouwert en stapt dêr oer op de trein nei Harns. De Fries om utens is ferline jier foar twa jier beneamd as stedsdichter fan Grins.
It foarlêzen fan gedichten yn de trein is ûnderdiel fan it slotfeest fan de boekewike. Freed en sneon is noch it boekebal foar lêzers yn Ljouwert, dêr binne neist Joost Oomen ek de skriuwers Jelle Brandt Corstius en Tommy Wieringa oanwêzich.
Ta beslút binne der muzikale optredens fan ûnder oare Spinvis en De Kift.