In protte rappe riders

12 mrt 2014 - 15:58

By in snelheidskontrôle op de Van Harinxmawei yn Sumar hat de plysje tiisdei 831 oertredings konstatearre. Der wurdt op dit stuit wurke oan dat stik dyk en dêrom is 50 dêr de maksimumsnelheid. Der waarden meielkoar hast 4300 auto's kontrolearre. De heechste snelheid dy't konstatearre waard wie 97 kilometer yn de oere. De plysje slút net út dat der de kommende tiid noch faker kontrôles hâlden wurde sille op dit trajekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)