Eigener oanhingwein socht

12 mrt 2014 - 15:54
  • Plysje

De plysje siket de eigener fan in tichte, wite oanhingwein dy't woansdeitemoarn fûn is op de Stinswei yn Garyp. Neffens de melder stie dizze wein der justerjûn noch net, hy moat der dus fannacht delsetten wêze. Yn de oanhingwein leit in opteard opblaasber boarterstastel, nei alle gedachten in soarte fan klimwand. It boartersguod is read, blau en giel. By de plysje is noch gjin oanjefte dien dat immen de oanhingwein mist en ek in belrûntsje by bedriuwen yn de omjouwing hat noch neat opsmiten. Wa't mear wit kin de plysje belje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)