Plysje hellet jeugd fan Waad

13 feb 2012 - 10:08

De plysje hat sneintemiddei oant twa kear ta jongeren fan it iis fan de Waadsee helje moatten.

Meiwurkers fan de fjoertoer de Brandaris op Skylge warskôgen de plysje op it eilân dat der jongeren oer it iis by de strekdaam fan West-Skylge rûnen. Omdat de fearboat der oankaam soarge dat foar in tige gefaarlike situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)