Relskoppers foar rjochter

12 mrt 2014 - 15:26

Fjouwer minsken, dy't snein belutsen wienen by de rellen tusken Cambuur- en Ajaxsupporters, moatte har ferantwurdzje foar de plysjerjochter. It giet om in man fan 21 út Harns, ien fan 34 út Ljouwert en om twa ynwenners fan Alkmaar en Zaandam. De fjouwer moatte op 18 juny foarkomme. Twa oaren hawwe in boete fan 500 euro oplein krigen. It giet dan om in 32-jierrige man út Ljouwert en om in ynwenner fan Leiden. De rellen ûntstienen snein foar it begjin fan de wedstryd tusken Ajax en Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)