Nij libben fabryk Burgumerdaam

Teatermakker Dirk Bruinsma wol it molkfabryk op 'e Burgumerdaam nij libben ynblaze. Yn it gebou is amper aktiviteit en it stiet der fertutearze by. Bruinsma wol dat tegearre mei eigener Ebe Huizinga feroarje. Tsien jier lyn hie eigener Huizinga ek al plannen foar hoareka en grutte popkonserten. Dat rûn op neat út. Bruinsma hat fertrouwen dat it no wol slagget.
Tiisdei wie der in ynformaasjegearkomste foar de buert. Bruinsma hat al kontakt hân mei de gemeente Tytsjerksteradiel.
Op 18 maart sil de teatermakker in presintaasje jaan oan it Burgumer doarpsbelang.