Kuolwein foar Voedselbank

12 mrt 2014 - 13:57

De Ljouwerter Voedselbank hat in kuolwein krigen. It is in wichtige oanwinst, omdat der no folle mear produkten ophelle wurde kinne. Benammen bedjerlike waar, lykas molke en fleis. Supermerken wolle dit leaver net ferfiere litte mei gewoane weinen, fanwege gefaar foar de folkssûnens. De Voedselbank hat ferlet fan mear produkten, omdat it oantal klanten hieltyd tanimt. Ferline jier mei 33 persint. Der meitsje op dit stuit sa'n 1000 minsken gebrûk fan de ynstelling, omdat se te min jild ha om sels genôch iten keapje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)