Ferkiezings: Weststellingwerf

12 mrt 2014 - 12:11
  • Gemeente Weststellingwerf

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Weststellingwerf giet it oer de selsredsumens.

Is selsredsumens de toekomst? Partisipaasje is in wurd dat de lêste tiid hieltyd mear nei foaren komt.

De oerheid wol dat de boargers hieltyd mear sels dogge en dat dy oerheden harren der net mear mei dwaande hâlde. Mar kin dit wol en wat betsjut dat foar de gemeenten, dy't mear en mear taken tabedield krije? Is 'selsredsumens' yn Weststellingwerf de takomst?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)