Bêst jier FrieslandCampina

12 mrt 2014 - 10:39
  • Logo FrieslandCampina

Boeren dy't oansletten binne by suvelbedriuw FrieslandCampina hawwe ferline jier in histoarysk hege priis foar har molke krigen. Dat docht bliken út de jiersifers fan it bedriuw. Dat betelle foar hûndert liter molke goed 42 euro, dat is hast 30 prosint mear as yn 2012. Dat FrieslandCampina mear betelje koe, komt omdat it bedriuw goed draaid hat. Benammen de ôfdielingen dy't berne-iten, suveldranken en tsiis meitsje, ferkochten mear produkten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)