Gaslek yn Nes by Akkrum

12 mrt 2014 - 09:57

By wurk oan de Bokkumerwâl yn Nes by Akkrum is woansdeitemoarn in gaslek ûntstien. By it slaan fan in damwand waard in lieding rekke. Neffens de brânwacht giet it om in lyts lek. Meiwurkers fan Enexis binne oproppen om it te meitsjen. Troch it lek sit ien hûs sûnder gas. De brânwacht fan Akkrum is út foarsoarch oanwêzich, mochten der toch problemen ûntstean.

Trefwurden: 
gaslek Nes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)