Deadlik ûngelok by Wynjewâld

11 mrt 2014 - 23:58

In 31-jierrige ynwenner fan Wynjewâld is tiisdeitejûn om it libben kaam by in ûngelok by dat plak. De man ried op de Duerswâld yn de rjochting fan Bakkefean, doe't er troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt rekke en mei syn bestelbus ta stilstân kaam tsjin in beam. De man rekke swier ferwûne en ferstoar op it plak fan it ûngelok. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)