NVWA: beslach fee terjochte

11 mrt 2014 - 21:02

De NVWA, de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, fynt dat it yn beslach nimmen fan it fee fan boer Thom de Groot fan Goattum terjochte wie. Neffens wurdfierder Benno Bruggink wie it fee der min oan ta en foldie de stâl net oan de easken.

Fan in hetze tsjin earmerkwegerders is neffens him gjin sprake. Dy binne al yn de jierren '90 offisjeel erkend. De stâl fan De Groot foldocht no wol oan de easken. It fee is dêrom werom brocht, mar hy moat wol de boete fan 12.500 euro betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)