Miljoenen foar Fryske natuer

11 mrt 2014 - 20:45

Deputearre Steaten fan Fryslân ha nei jierren fan praten it 'Lanlik Gebiedsplan 2014-2020' fêststeld. Dat betsjut dat der de kommende sân jier mear as 300 miljoen euro útjûn wurdt oan natuer- en lânskipsbehear yn de provinsje.

Steatssiktaris Henk Bleker sette yn 2010 de saak op slot en dêrom is der jierrenlang neat bard. Hy woe besparje op natoer- en lânskipsbehear. Syn opfolger kaam mei mear jild op de proppen en makke de provinsje ferantwurdlik. Dy hat it plan no klear en kin it jild útjaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)