Jild foar bettere garnalen

11 mrt 2014 - 20:30
  • Garnalefiskers by de fiskôfslach

De fiskfeiling Insula yn Harns krijt mear as 210.000 euro subsydzje fan de provinsje Fryslân. It jild wurdt brûkt foar in nije automatyske ferwurkingsline foar garnalen. Dit moat de kwaliteit fan de garnalen ferbetterje, om't minder minsken mei harren hannen oan de dierkes sitte.

Insula is it ôfrûne jier bot groeid en hat neffens direkteur Teun Visser as doel om de grutste garnalehaven fan Europa te wurden.

De nije ferwurkingsline kostet mei-inoar goed 5 ton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)