Stipe foar wynmûnen yn doarpen

11 mrt 2014 - 19:41

De Koninklijke Nederlandse Heidemaatschappij, KNHM, jout stipe oan in plan fan tsien doarpen om in eigen wynmûne yn it doarp del te setten. De inisjatyfnimmers wolle dat de mûnen der oer twa jier stean. Om dat foarelkoar te krijen is der in wurkgroep yn it libben roppen ûnder de namme Gemeenschappelijke Duurzame Energie Friesland.

Foarsitter dêrfan wurdt Marian Jager-Wöltgens fan de KNHM. Neffens har hat de KNHM in team fan deskundigen beskikber om dit soarte inisjativen te stypjen. Se giet derfan út dat der ein dit jier mear dúdlikens is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)