Cambuurfan oerwaget skeaclaim

11 mrt 2014 - 17:36

Cambuur-supporter Stefan Rinsma oerwaget juridyske stappen te nimmen tsjin de gemeente Amsterdam en de plysje. De supporter rekke snein ferwûne oan syn each by de rellen mei Ajax-fans. In fjoerwurkbom naam 50% fan syn sicht fuort. As dat bliuwend is, wol hy de skea ferhelje. Hy rûn syn ferwûnings op doe't hy by it stadion út de metro stapte. Hy hat in nacht yn it sikehûs west en is no by syn âlden, omdat hy help nedich hat.

As it letsel bliuwend is, rint syn oplieding foar taksysjauffeur gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)