Ferkiezings: Opsterlân

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Opsterlân giet it oer de 'achterban', oftewol de famylje achter de riedsleden. Hoefolle tiid kostet it om it riedswurk te dwaan? Trije oerkes per wike, miskien wol tsien?
Hûnderten minsken stean foar de kommende riedsferkiezingen op de list. In grut tal fan harren draait al efkes mei en wit wat der komt. Oaren binne hielendal nij en wer oaren komme werom yn de polityk, omdat se it net litte kinne. Mar hoefolle tiid stekt in riedslid yn Opsterlân gemiddeld yn it riedswurk en wat fernimt de famylje dêrfan?