Ekstra jild nei fiskerij

De Fiskerijhaven yn Harns © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De provinsje stekt mear as 100.000 euro yn in projekt dat fiskers op de Iselmar en lâns de Waadkust helpe moat ekstra aktiviteiten nêst it fiskjen fierder te ûntwikkeljen. It giet om in projekt dat oanslút by besteande aktiviteiten mei de namme Fiskpaad Fryslân. De bedoeling is om rekreanten wat mei te jaan fan de kultuer en it histoarysk karakter fan de fiskerij. Der is neffens de provinsje gjin relaasje mei de plannen om de fiskerij op skobfisk op de Iselmar trije jier of langer stil te lizzen.
It jild komt foar in part wol út in Europeask potsje dat brûkt wurde kin om fiskers te helpen dy't net mear op 'e Iselmar fiskje kinne.