Olympyske huldiging op It Fean

11 mrt 2014 - 16:21
  • Alwer in huldiging foar de Olympyske sporters

De gemeente Hearrenfean huldiget takom sneintejûn de sporters dy't yn Sotsji in Olympyske medalje wûn hawwe. De offisjele huldiging wie ôfrûne moanne al yn Assen, mar om't in soad medaljewinners út de gemeente Hearrenfean komme, woe dy ek noch in huldiging organisearje.

Yn alle gefallen Jorrit Bergsma, Carien Kleibeuker, Annouk van der Weijden, Jan Blokhuijsen en Michel Mulder binne der by. Ek coach Jillert Anema is dan op It Hearrenfean. De huldiging fynt plak op in poadium op de Oude Koemarkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)