Beautysalon yn de prizen

11 mrt 2014 - 16:15

Beautysalon Marijke út Hurdegaryp is dield twadde einige yn de Nederlânske ferkiezing 'Schoonheidsspecialist van het Jaar" fan de noardlike seis provinsjes. De ferkiezing waard hâlden yn ien fan de tillevyzjestudio's fan Hilversum. Winner waard de salon SkinBalanz út Swolle. Beautysalon Marijke wûn wol de lanlike publykspriis.

De nominearre salons waarden beoardield troch in faksjuery op ûnder mear fakynhâldlike kennis, PR&Marketing en kommunikative feardigens. Ek hat der in Mistery Guest yn Hurdegaryp op besite west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)