Fertraging by sloop Kelders

De sloop fan de gebouwen oan de Kelders yn Ljouwert rint sa'n trije wike fertraging op. Dat hat de gemeente Ljouwert de omwenners yn in brief witte litten. It gebou fan ûndernimmer Wyb Feddema moat noch skoarre wurde foardat de wurksumheden trochgean kinne. De needsaaklike fergunnings binne ein dizze wike klear en dan kin it sloopbedriuw wer fierder.
Yn oktober 2013 wie der in grutte brân oan de Kelders. Dêrby foel ien deadlik slachtoffer en gie in oantal histoaryske gebouwen ferlern.