1e ljipaai Frjentsjerteradiel

11 mrt 2014 - 15:18

It earste ljipaai fan de gemeente Frjentsjerteradiel is tiisdei fûn troch in ynwenner fan Emmeloord. De 47-jierrige Klaas Stapensea fûn it aaike yn de buert fan Boer, by de Doanjumerfeart. Boargemaster Fred Veenstra nimt it aai letter dizze dei yn ûntfangst.

Stapensea fûn al seis kear earder in earste aai, ûnder oare fan It Bilt, Weststellingwerf en yn 1998 ek al fan Frjentsjerteradiel. Yn dy lêste gemeente is er berne en is er ek lid fan de fûgelwacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)