App foar alkoholferslaafden

In alkoholapp moat ferslaafden helpe yn har striid tsjin de drank. De app foar de mobile tillefoan is ûntwikkele troch fiif ferslavingssoarchynstellings en wurdt ûnder oare brûkt troch Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. Omdat de app altyd beskikber is, kin dy neffens de ynstellings helpe as ekstra stipe by de behanneling fan alkoholferslaving. Wannear't in ferslaafde sin oan in borrel krijt, kin de app him of har warskôgje of advys jaan.
De app is tagelyk in deiboek, dêr't it minderjen yn byholden wurdt.
Allinnich minsken dy't al ûnder behanneling binne by ien fan de belutsen ferslavingssoarchynstellings, kinne de app brûke.