Alde boekebeam moat kapt

11 mrt 2014 - 13:02

De goed 230 jier âlde boek foar Huize Lindenoord yn Wolvegea, wurdt no freed kapt. De beam is oantaaste troch ferskate swammen en dêrtroch sa swak, dat er tsjin de flakte moat.

De kap is ûnderdiel fan de renovaasje fan de tún foar it al eardere opknapte Huize Lindenoord. It terras wurdt fernijd en der komt nije beplanting. Ek wurde der twa fuotpaden en gersfjilden oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)