Earste ljipaai fan Hearrenfean
Anne-Sijmen Hoekstra en Henk de Meer fan Stiens hawwe moandeitemiddei tsjin fiven it earste ljipaai fan de gemeente Hearrenfean fûn. It aai lei yn in stik lân tusken Nijbrêge en Haskerdiken, oan de Ryksstrjitwei.
Boargemaster Van der Zwan nimt it aai tiisdei om tolve oere yn ûntfangst. De finers krije ûnder oare in oarkonde.