Ferwûne nei achterfolging

Plysjemotor © ANP XTRA
In 51-jierrige motorplysje is moandei ferwûne rekke by in achterfolging troch Ljouwert. In jonge fan 17 jier út Winschoten ried op in skooter yn de wyk Schieringen en naaide hurd út doe't er de plysje seach. Yn it sintrum wist de motorplysje tichtby de jonge te kommen. De fertochte smiet dêrop in fyts foar de motor. De plysjeman gie ûnderút en rekke ferwûne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
De jonge wist te ûntkommen, mar is letter oanholden yn syn wenplak. Hy sit fêst en wurdt fertocht fan poging ta deaslach.