Ljouwerter driget mei wapen

11 mrt 2014 - 07:27

In 20-jierrige man út Ljouwert is moandei oppakt yn Velddriel yn Gelderlân omdat er mei in fjoerwapen drige hie. De plysje krige in melding oer in rúzje tusken meardere manlju. Oan de Drielse Veldweg yn Velddriel troffen de plysjes de manlju oan. Yn in tas fan de Ljouwerter fûn de plysje in fjoerwapen.

De man sit fêst op it buro yn Tiel. De plysje docht fierder ûndersyk en is op syk nei tsjûgen. Ek siket de plysje nei de auto fan de man.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)