Petearen oer fúzje kranten

De Telegraaf Media Groep en de NDC Mediagroep prate al langere tiid oer in mooglike fúzje fan harren regionale kranten. Dat meldt it Financiële Dagblad tiisdei. De NDC Mediagroep jout ûnder oare de Ljouwerter Krante út. Beide partijen wolle it berjocht noch net befestigje.
De Telegraaf Media Groep soe syn regionale krantebedriuw HDC, útjouwer fan ûnder oare it Noordhollands Dagblad, ûnderbringe wolle yn in aparte tak mei aktiviteiten fan de NDC. Dêrmei ûntstiet in ûndernimming mei in omset fan goed 200 miljoen euro.