Ferkiezings: It Bilt

11 mrt 2014 - 07:10

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente It Bilt giet it oer de leefberens yn de lytse doarpen.

It giet op It Bilt benammen oer de weryndieling. Ien partij, de Frije Bilkerts, is dêr poer op tsjin. Alle oare partijen binne yn prinsipe foar.

De krimp op it plattelân is noch hieltyd oan de oarder. Hoe spylje de gemeenten dêrop yn en wat ha de politike partijen dêroer te fertellen yn oanrin nei de gemeenteriedsferkiezings ta? Rint it plattelân aanst hielendal leech of komme der krekt wer nije ympulsen om de doarpen leefber te hâlden?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)