Petear mei de steatssiktaris

10 mrt 2014 - 22:18

Biologysk boerin Lamkje Brandsma fan Boalsert hat tiisdei in petear mei steatssiktaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken. It petear giet oer de blokkade dat de NVWA foar it bedriuw fan frou Brandsma ynsteld hat. Dy blokkade betsjut dat der gjin fee fan en nei it bedriuw mei. Mar omdat der kealtsjes komme, wurdt it hieltyd foller op de pleats.

Frou Brandsma ferwachtet net in soad fan it petear. Neffens har is de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit der op út om har tsjin te wurkjen. Dat soe wêze omdat se wegeret har fee te earmerkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)