Lytse organisaasje KH2018

It projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd krijt in lytse projektorganisaasje. De planmakkers bin sels ferantwurdlik foar de útfiering. Sa moat foarkaam wurde dat in soad fan it budzjet opgiet oan de organisaasje. Dat waard dúdlik by in ynformaasjegearkomste oer de stân fan saken yn stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert. Der komt ien einferantwurdlike dy't alles oanstjoert.
Dêrnjonken in oantal direkteuren en rieden fan tafersjoch dy't yn de gaten hâlde oft alles wol útfierd wurdt neffens plan. Op 1 septimber moat de organisaasje der stean.
Oant dat momint kinne der ek noch nije plannen yntsjinne wurde. As it past by de Ljouwert 2018 sille se meinaam wurde by it opsetten fan de projekten.
De finânsjes binne noch net rûn. Der bin al wol subsydzjes fan de gemeente Ljouwert, de provinsje en út Europa wei. It iennige dat ûntbrekt is jild fan bedriuwen. De kommende tiid sil de organisaasje him dêrop rjochtsje. Dat hoecht net perfoarst om jild te gean. De organisaasje sit ek te springen om praktyske help.