Beloften SC Hearrenfean winne

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De beloften fan Sportklup Hearrenfean hawwe moandei mei 3-2 wûn fan ADO Den Haag. Beide teams wiene oaninoar weage. Al yn de 17e minút fan de wedstriid kaam ADO op in 1-0 foarsprong troch in treffer fan Kramer. Yn de 38e minút kaam Hearrenfean op likense hichte troch Uche Nwofor. Dêrnei pakten de Feansters troch Slagveer in 2-1 foarsprong. ADO makke yn de 79e minút de lykmakker. Pas yn de blessueretiid helle Hearrenfean troch Daley Sinkgraven de winst binnen. Takom wike spilet de klup yn it eigen stadion tsjin koprinner Vitesse.