Nije eksploitant De Skâns

10 mrt 2014 - 20:53

Teater De Skâns op De Gordyk krijt in nije eksploitant. De stifting Culturele Ondernemingen Nederland, de SCON, nimt it teater fan 1 april ôf oer. It teater gie yn novimber 2013 fallyt. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat dêrnei lang dwaande west om it teater iepen te hâlden. De oerienkomst mei de SCON is earst oant ein dit jier. Dêrnei is er de opsje om de gearwurking te ferlingen oant ein 2016. It personiel fan De Skâns kin mei de nije regeling gewoan oan it wurk bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)