Gemeente-app foar SW-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân ynformearret har ynwenners tenei fia in spesjale gemeente-app op de tillefoan en it tablet. Mei de fergese app kinne minsken bygelyks it lêste nijs fan de gemeente opsykje, ek steane yn de app fakatueres en kontaktgegevens fan meiwurkers fan de gemeente.
Op 19 maart binne op de gemeente-app ek opkomstpersintaazjes en foarlopige útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings te finen.